Jorrit en Siebolt winne spannende finale by de welpen jongens B
Wy ha it efkes besjoen, mar ek yn’e B-klasse wurdt om raak keatst! Der binne jonges by dy’t seker net misstean soenen yn’e A-klasse, dus wy soenen sizze. Gean sa troch, dan meie jim aanst ek wol ris yn’e FB-Oranjewoud-shirts. Se sizze dat famkes altyd mear tiid nedich ha as jonges. Dat wie hjoed yn Mantgum net it gefal. De jonges B-klasse moast noch mei de finales begjinne doe’t de priisútrikking fan de famkes al west wie. Dit kaam ek omdat der yn disse klasse tige spannend keatst waard. Ferskillende potsjes eindigen yn fiif earsten gelyk en der wurde in soad keatsen lein. De finale fan de winnersrûne wie it spektakelstik fan de dei. De lettere winnaar kaam earst 2–0 achter, mar kaam werom en úteinlik waard it fiif earsten gelyk. It wie in wedstryd dy’t in folle tillegraaf fertsjinne hie. Dit helle it krekt net. Op 5–5 en 6–4 wie dúdlik wa’t de kransen mei nei hús nimme soe. Andries Geertsma, de pleatselik favoriet, die foar it earst mei, mar koe it krekt net oprêde mei syn maat. Ek dy wie foar it earst op de KNKB, dus makket neat. Oare kear better! Al mei al in hartstikke leuke dei hawn mei disse kategorie. Flotte jonges, enthousiast en fanatiek. Leuk om te sjen! Graach oant oar jier! Útslach: 1e: Jorrit Palma (Tzum) en Siebolt Hofman (Hommerts) 2e: Jurre Reitsma (Exmorra) en Eelco Meijer (Hallum) 3e: Clive van der Weerdt (Makkum) en Jaimy Koel (Harlingen) 1e ferliezersrûne: Silvan Elzinga (Bolsward) en Arjen Bauke Hofstra (Dronryp) 2e ferliezersrûne: Monique Postma (Winsum) en Ellen de Jong (Workum)
Geplaatst op 22 May 2016